Wat docht de Fryske Webstee Bouwer?

No, sa't de namme al seit. Ik bou foar jo in webstee yn it Frysk. Sa kinne jo oan jo publyk sjen litte dat jo Frysk binne! Dit kin grutte foardielen ha at jo in bedriuw hawwe. Fryske klanten fiele harren earder oansprutsen en sille jo as in persoanlikhyd sjen, in bedriuw mei in gesicht! Oare klanten sille faaks tinke dat friezen hurd wurkje of earlik binne, ek hju sille dan earder nei jo bedriuw gean.

In Frysk webstee is fansels net allinnich foar bedriuwen, bygelyks frysktalige organisaasjes hawwe in webstee nedich dat hylendal by de tiid is. Of binne jo in partikulier mei in út de hân rûnne hobby? Ek dan binne jo by de Fryske Webstee Bouwer te plak! En jo stypje de Fryske taal op it ynternet, wat fansels yn goeie saak is!

Der binne genôch redenen te betinken wêrom't jo in Frysktalich webstee hawwe wolle mar foar in protte minsken is allinnich Frysk gjin opsje. Dan kinne jo foar in lytse mearpriis in meartalich webstee, bygelyks; Frysk en Ingelsk of Nederlânsk, meitsje litte by de Fryske Webstee Bouwer. Jo kinne alle kanten út!

Ympresje

Prizen

Fan ôf €300 kinne jo al jo eigen Fryske webstee ha. Jo hawwe dan in standert webstee mei de nediche ynformaasje oer jo bedriuw, organisaasje of projekt.

Wolle jo in meartalich webstee mei bygeyks Ingelsk of Nederlânsk? Dan betelje jo €75 ekstra foar de twadde taal en dêrnei €50 ekstra foar eltse taal dy't jo dêr noch by hawwe wolle. (Foar talen oars as Ingelsk en Nederlânsk betelje jo noch ekstra foar de oersetting at jo de tekst net sels oanleverje.)

Foar mear yngewikkelde websiden, bygelyks weblochs en websjops, is net in fêste priis te jaan. Jo kinne dan kontakt opnimme om in offerte oan te freegjen. At jo allinnich in nijsside by jo webstee op hawwe wolle kin dat foar €100 ekstra.

Tsjinner & Domyn

Om jo webstee online tagonklik te meitsjen moat dizze op in tsjinner (hosting) stean en moat dêr in domyn (.frl, .nl) oan keppelle wêze. Faaks hawwe jo dit sels al regele en dat is fansels gjin swierrichhyd. Handiger soe wêze at jo it hiele webstee ynklusyf de tsjinner en it domyn fia ien punt regelje, dan binne jo yn ien klap klear en hawwe jo minder kopsoargen.

De Fryske Webstee Bouwer bied jo alles oan wat jo nedich binne foar jo webstee:
In plakje op de tsjinner: €2,50 de moanne.
In echt Frysk .FRL domyn: €4,50 de moanne.
In .NL, .COM, .NET domyn: €2,50 de moanne.

Foar de tsjinner en it domyn makket de Fryske Webstee Bouwer gebrûk fan profesjonele tsjinsten fan Fryske boaiem, dat jo hoeche der net oer yn te sitten dat jo webstee net te berikken is en de Fryske ekonomy wurd ek noch stipe.

Alle prizen binne eksklusyf BTW.

Aksjes

Der binne op dit stuit gjin aksjes.

Kontakt

E-post: ynfo@fwb.frl

Telefoan: 06-33740380
(Moandei - Tongersdei: 16.30 - 20.30 | Freed: 14.30 - 17.30 | Sneon: 08.30 - 12.30)